Provinsje skoot oanlis dyk ôf

© Omrop Fryslân
De gemeente Achtkarspelen moat de súdeastlike rûnwei om Bûtenpost oanlizze yn stee fan de provinsje. Dat hat de provinsje de gemeente witte litten. De provinsje hat it sels te drok mei allerhande wurk yn Ljouwert.
B en W fan Achtkarpslen tinke der noch oer nei oft se sels de oanlis op har nimme. Yn 2005 moat mei it wurk begûn wurde. De goed 13 miljoen euro wurde betelle troch provinsje, Achtkarspelen en de Nederlânske Spoarwegen.