Mear tbc-besmettings yn Harns

28 okt 2003 - 00:00

In ynwenner fan Harns hat achttjin minsken besmet mei iepen tbc. Dat hat bliken dien út twa ûndersiken fan de GGD Fryslân. Doe't yn augustus de iepen tbc yn Harns konstatearre waard, hawwe hûndert minsken in saneamde mantoux- test dien. Dêrút die bliken dat tolve minsken besmet wiene.

Ofrûne freed waard in twadde ûndersyk holden. Dat smiet seis nije besmettings op. Mei medisinen kin soarge wurde dat de besmetting net op tbc útrint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)