Dokters NW-Fryslân yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Minsken út Noardwest-Fryslân dy't in dokter nedich ha, moatte tenei jûns of yn it wykein nei it sikehûs yn Ljouwert. Dêr wurdt op 12 novimber in nije dokterswacht iepene, foar it noardwesten fan de provinsje.
In plande dokterswacht yn Harns giet net troch, want dy soe te lyts wurde. Pasjinten moatte dus foarearst nei Ljouwert komme, oant takom jier de nije dokterswacht yn Snits iepene wurdt.