Joyride yn de plysje-auto

27 okt 2003 - 00:00

Twa minsken binne moandeitemoarn op de Lemmer útnaaid mei in plysje-auto. De plysje soe in autobestjoerder kontroleare, mar dy woe syn papieren net sjen litte en gjin blaastest dwaan.

Doe't de plysje de man yn de plysje-auto sette om him mei te nimmen, gie de 61-jierige passazjier fan de arrestant dêr ek gau yn. Sy die alle doaren op slot en ried mei de man fuort. De plysje koe de twa letter wer oanhâlde. Se hiene tefolle dronken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)