Westergowei langer ticht

© Omrop Fryslân
De provinsjale dyk tusken Ljouwert en Boalsert, de N 359, bliuwt in tal dagen langer ticht as bedoeld. De dyk, ek bekend as Westergowei, soe freed wer iepen gean foar it autoferkear, mar dat koe noch net.
De oarsaak fan de fertraging is dat it te kâld is om de lêste asfaltlaach op de dyk te lizzen. De provinsje ferwachtet dat it wurk dizze wike dien wurdt en dat de dyk woansdei wer iepen giet.