Wu-Tang Clan nei Drachten

27 okt 2003 - 00:00

De ferneamde rapgroep Wu-Tang Clan komt nei Drachten. Op 12 desimber trede Killah Priest, Hellrazah, Timbo King en Shabzz The Disciple op yn jongereinsintrum Iduna.

De Wu-Tang Clan stiet by hiphoppers oer de hiele wrâld heech oanskreaun. Sy binne de grûnlizzers fan de moderne rapmuzyk. De groep docht dit jier mar in pear optredens yn Europa. Iduna kin dus pronkje mei in bysûnder konsert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)