Kryststik Hansje Brinker

© Omrop Fryslân
Tryater komt mei in stik oer Hansje Brinker. It ferhaal oer it jonkje dy't de finger yn 'e dyk stuts en dêrmei Nederlân foar in oerstreaming behoede, is oer de hiele wrâld bekend. Lykwols, it echte ferhaal is by it grutte publyk ûnbekend, en dat wol Tryater bringe.
It stik hjit 'It Mirakel fan Hansje Brinker' en it is mei de Krystdagen te sjen. Twa jier ferlyn brocht Tryater ek al de Krystfoarstelling Ronja de Rôversdochter.