Skiermûntseach chat oer wenten

© Omrop Fryslân
Ynwenners fan Skiermûntseach kinne woansdei yn 'e luie stoel meiprate oer de wenteneed op it eilân. De gemeente organisearret in chatsessy oer dit ûnderwerp, tagonklik fia www.schiermonnikoog.nl.
Wethâlder Wiersema sit oan 'e oare kant klear om fragen te beantwurdzjen. Sa is it de fraach oft nije hierwenten de oplossing fan it probleem binne. De gemeente sil de útkomsten en ideeën, as dat mooglik is, tapasse.