Ploeg: gjin jild foar drugsromte

27 okt 2003 - 00:00

Deputearre Ploeg fielt him net ferantwurdlik foar in gebrûkersromte yn Ljouwert. Wethâlder Hafkamp fynt dat sa'n romte in provinsjale funksje hat. Dêrom moat de provinsje ta de bûse.

Drugsgebrûkers wolle graach in eigen plakje hawwe om yn te nimmen. It Ryk hat Ljouwert as sintrumgemeente foar drugshelpferliening yn Fryslân oanwiisd en dêr is Ryksjild foar, seit Ploeg. Lykwols gean Ploeg en Hafkamp yn novimber mei-inoar om 'e tafel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)