De Jouwer wint yn Hoogeveen

27 okt 2003 - 00:00

De Jouwer hat snein de útwedstriid tsjin Hoogeveen wûn mei 0-1. De winnende goal fan Johnny Dölle foel al yn 'e 20ste minút. De winst betsjut dat De Jouwer noch hieltiten foldocht oan de doelstelling om ien op 'e trije wedstriden te winnen. Dat soe genôch wêze om yn 'e haadklasse te bliuwen.

Trainer Bert Hollander fynt de winst in moaie opstekker. Nei ferskate ferliespartijen liket De Jouwer wer in bytsje út it dal te klimmen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)