Fjoerwurk yn beslach nommen

© Omrop Fryslân
Yn in wente yn Spannum binne sneontejûn trijehûndert strikers en 140 astronauten yn beslach nommen. De plysje kaam it fjoerwurk op it spoar yn Easterein doe't se hearden dat yn in auto fjoerwurk ôfstutsen waard en nei bûten smiten.
Yn de kofferbak fûnen de plysjes in pear strikers, wêrnei't in 19-jierrige ynwenner fan Tsjom oanhâlden waard. Hy fertelde de plysje oer it fjoerwurk yn Spannum.