Grutte fjochtpartij yn Snits

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht twa wyldemannen oppakt yn 'e Snits. Yn Marktstrjitte wiene ferskate stappers slaande deilis rekke. Twa fan harren binne oppakt, ûnder oare in 27-jierrige Snitser dy't besocht in oarenien te smoaren. In oare Snitser (22) mishannele ek ien. Om't dy him tige warde by syn fêstname brûkte de plysje pepperspray, mar hy naaide dochs út. Op de Alde Komerk is er oppakt. De man is meinommen.