Polonêze rint min ôf

© Omrop Fryslân
In 14-jierrige ynwenner fan 'e gemeente Dongeradiel is sneon by in polonêze yn it doarpshûs fan Wâlterswâld mishannele. De jonge stroffele, mar koe it dochs noch op fuotten hâlde. Doe't er wer oanslute woe, krige er in klap foar de holle. Dêrby brutsen twa tosken ôf, hie er in bloednoas en in opswolde lippe.
Tsjûgen wiisden in jonge (17) út Holwert oan as dieder. Dy joech ta dat er de oare jonge in reis jûn hie.