Hakenkrusen by azc Dokkum

25 okt 2003 - 00:00

Jongeren hawwe freedtejûn by it AZC yn Dokkum foar opskuor soarge. Se skilderen hakenkrusen en Davidstjerren op it fytspaad by it opfangsintrum. Fierders raasden se nei de asylsikers en bekûgelen it gebou mei kluten en stiennen.

De plysje hat alle fiif de jongeren oanhâlden. Se binne 13 oant 16 jier âld en komme út Kollumersweach, Damwâld, Broeksterwâld en Bûtenpost. Trije fan harren bliuwe fêst foar ferhear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)