Joadsk monumint yn Noardwâld

© Omrop Fryslân
De Stellingwerven ha freed har monumint krigen foar de yn de oarloch ombrochte Joaden út de streek. It monumint stiet yn Noardwâld njonken it opknapte Joadske begraafplak. Ien fan de heechste rabbinen fan it lân priizge de ynset fan de streek om it monumint fan de grûn te krijen.
Ek hjoeddedei is it noch fan wearde, want ús maatskippij wurdt hieltyd hurder. De plechtichheid wie sober en foar in part yn it Hebrieusk.