Kwaliteit yn nij Frysk Museum

© Omrop Fryslân
It nije Frysk Museum moat oer in tal jierren in prominint plak ha op it Ljouwerter Saailân. Mar hokker kant it museum út giet mei bygelyks de kolleksje en ynrjochting is noch folslein ûndúdlik. De direkteur fan it Frysk Museum, Cees van 't Veen, fynt it dêr noch te betiid foar.
Wol sil keazen wurde foar kwaliteit ynstee fan kwantiteit. Yn it Ljouwerter konferinsjesintrum Postplaza waard freed praten oer de plannen.