Fertochte kafeemoard langer fêst

© Omrop Fryslân
De 36-jierrige man út Haulerwyk dy't fertocht wurdt fan de moard op kroechbaas Fokko Werkman fan De Haule, wurdt foarearst tsien dagen langer fêsthâlden. Dat hat de rjochter freedtemiddei besletten.
De fertochte waard ôfrûne woansdei troch de plysje oanhâlden. Advokaat Bruinsma fan De Lemmer sil de man bystean. Plysje en justysje binne noch hieltyd dwaande mei in wiidweidich ûndersyk.