Kringloopguod yn rûmte azc

© Omrop Fryslân
De bewenners fan it azc yn Sint Anne ha sûnt freed in bysûndere rekreaasjerûmte. Tegearre mei in groep Bilkers út de omjouwing is de rûmte opnij ynrjochte mei materiaal út de kringloopwinkel. Dat is dien yn it ramt fan in projekt duorsum wergebrûk fan de provinsje.
Flechtlingen binne faak tige kreatyf mei twaddehânsk guod. Boppedat ha se yn it azc de tiid om âld spul op te knappen.