Feiling sulveren keatsbal

24 okt 2003 - 00:00

In tige seldsume sulversen keatsbal wurdt nije wike moandei feild troch feilinghûs Ald Fryslân yn Snits. De bal is 200 jier âld en waard makke troch sulversmid Johannes Feddema út Ljouwert. De bal, mei dêrop twa keatsers, hat nei alle gedachten in haadpriis west fan in wichtige keatspartij.

Hokker dat is, is net bekend. Der binne mar in pear fan ditsoarte ballen en dat sil de priis opdriuwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)