Twangsom foar bistepensjon Koers

24 okt 2003 - 00:00

Bistepensjon Koers yn Koatstertille kin fan 1 desimber ôf rekkenje op in twangsom fan de gemeente Achtkarspelen. It pensjon foldocht net oan it bestimmingsplan. De gemeente is dêroer al in skoftlang yn petear mei de eigner, mar dat hat noch neat opsmiten.

De gemeente wol it plan wol oanpasse, mar de eigner is benaud dat er yn de takomst dan bygelyks gjin skiep mear hâlde mei. Foar him is dat wichtich om it pensjon rendabel te meitsjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)