Feest basisskoalle Lyndensteijn

© Omrop Fryslân
De ferselsstanniging fan de basisskoalle by revalidaasjesintrum Lyndensteijn yn Beetstersweach makket gearwurking mei oare skoallen yn it spesjaal ûnderwiis mooglik. De skoalle is no in folweardige spesjale skoalle.
Om dat te fieren, waarden freedtemoarn ballonnen oplaat by de ûntbleating fan in nij nammeboerd. Under it biedwurd 'Wês grutsk op dysels en wiis mei inoar' wol de skoalle har fierder profesjonalisearje.