Harvey Bisschop yn basis Cambuur

24 okt 2003 - 00:00

Harvey Bisschop makket freed syn debút yn it earste fan Cambuur dit seizoen. Bisschop ferfangt de blessearde Jan Bruin. Dy sit mei in brutsen kaak thús en is nei alle gedachten oant de winterstop útskeakele.

Ibad Muhamadu nimt de posysje fan Bruin oer en Bisschop stiet linksfoar. Cambuur moat it opnimme tsjin 'Angstgegner' Excelsior út Rotterdam. Excelsior degradearre it ôfrûne seizoen út de earedivysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)