Foarrang by útjefte boukavels

© Omrop Fryslân
Minsken mei in oantoanbere sosjale of ekonomyske bining mei in doarp krije yn Dongeradiel foarrang by boukavels. Dat hat de gemeenteried fan Dongeradiel tongersdeitejûn besletten. De regel jildt foar alle doarpen yn 'e gemeente, mar net foar Dokkum.
De ried wol mei it beslút de doarpsminsken temjitte komme. De maatregel is needsaaklik om de leefberens yn de doarpen yn stân te hâlden.