GSM-stellerij mei seis man
Seis minsken hawwe tongersdeitemiddei in tillefoanwinkel oan de Oosterdyk yn Snits bestellen. Fjouwer fan harren besochten it persoaniel dwaande te halden, twa oaren koene sa in GSM-tastel pakke.
De eigner fan 'e winkel koe ien fan de jonges tsjinhâlde. De oaren binne útnaaid mei it mobyltsje. De fertochte dy't achterbleau is in 19-jierrige ynwenner fan Stadskanaal. Hy is meinommen nei it plysjeburo.