Sloopwyk Vegelin noch net leech

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert hat it dreech mei ferfangende húsfesting fan de lêste bewenners fan de Vegelinbuert. Noch in tritich hierders en hûseigners wenje no noch yn 'e ôfbraakwyk.
De sloop sette begjin july útein. Sawat 150 huzen moatte plak meitsje foar hûndert rommere wenten. Foar de lêste bewenners is it ûnfeilich wenjen yn de sloopwyk en de stedswacht hat de hannen fol oan dakleazen en fandalisme yn de buert.