Utspraak oer fergoeding medisyn

© Omrop Fryslân
De Friesland hoecht tenei inkeld it goedkeape golesterolmedisyn Genton te fergoedzjen. Dat hat de rjochter bepaald yn in koart pleit. De soarchfersekerder hat dêrmei it koart pleit wûn.
De apotekers sizze yn in reaksje net ynstean te kinnen foar de kwaliteit. Se wolle sels beslisse kinne hokker medisyn it bêste is foar de pasjint. De útspraak fan 'e rjochter jildt inkeld foar it middel Genton.