700 bern foarmje wurd 'help'

23 okt 2003 - 00:00

Sânhûndert bern hawwe yn it Cambuurstadion yn Ljouwert mei harren allen it wurd HELP foarme op it fjild. In helikopter filme de bern en it wurd út 'e loft wei. Mei dizze ludike aksje gie in kampanje tsjin bernemishanneling fan start. Doel fan 'e aksje is it meldpunt bernemishanneling, it AMK, bekend te meitjen by it grutte publyk. Lanlik ken ien op 'e tsien minsken it AMK. Bern wurde dêrtroch net of te let holpen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)