Deade man fûn

23 okt 2003 - 00:00

De plysje hat moandeitemiddei op de Louwewei yn Jutryp in deade man fûn. It giet om in 76-jierrige ynwenner fan dat doarp. De man waard fûn op de rjochterhelte fan de dyk rjochting Drylts.

De plysje wit noch net krekt wat de deadsoarsaak is. Tsjûgen dy't de man earder op de dei sjoen hawwe wurde oproppen om harren te melden. Der wurdt noch seksje dien om achter de deadsoarsaak te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)