Kattemepper aktyf yn Stynsgea

© Omrop Fryslân
De kat Mercedes fan de famylje Klein út Stynsgea is raar oan syn ein kaam. Ofrûne wykein krige de kat in pylk troch de holle. Mercedes hat har noch wol nei hûs ta sleept, mar wie net mear te rêden.
Neffens de famylje Klein is Mercedes net de earste kat dy't yn Stynsgea op fertochte wize mishannele of fermoarde wurdt. Foar't de kat ôfmakke waard hat Johnny Klein noch foto's makke. Dy binne ferspraat yn it doarp.