Tankstasjon Parregea oerfallen

23 okt 2003 - 00:00

In tankstasjon oan de Trekwei yn Parregea is woansdeitejûn oerfallen. Twa manlju twongen tsjin slutingstiid de meiwurkster om de kassa iepen te dwaan. Se namen it jild út de kassa mei, hoe folle is noch net bekend.

Ek waarden der sigaretten meinaam. De dieders naaiden dêrnei út. It giet om twa manlju fan tusken de 20 en 30 jier âld. Se hiene by de oerfal pruken op. De plysje is noch op syk nei har.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)