Subsydzje foar Tomke nimt ôf

© Omrop Fryslân
De subsydzjes foar Tomke, it taalbefoarderingsprojekt foar pjutten, wurde hieltyd minder. Wylst alle gemeenten oanskreaun binne om subsydzje te jaan, is mar de helte ree dêrta. De wurkgroep sil him de kommende tiid oer de takomst beriede moatte.
In nij seizoen fan Tomke, besteand út in televyzjeprogramma, boekjes foar pjutteboartersplakken en hânliedingen foar pjutteliedsters, waard woansdei presintearre.