Winkels Drait noch sûnder stroom

© Omrop Fryslân
De measte winkels yn winkelsintrum De Drait yn Drachten ha noch hieltyd gjin gas en stroom. Sneintemoarn betiid rekke by de brân yn de supermerk de algemiene stroomfoarsjenning fan it winkelsintrum slim skansearre.
No, trije dagen letter, is dat noch hieltyd net wersteld en binne guon winkels ticht om't se gjin elektrisiteit ha. Oare winkellju moatte har rêde mei agregaten en waarmtekanonnen.