Fertochte hie 500 euro nedich

22 okt 2003 - 00:00

De man dy't woansdei oppakt is foar de moard op de kroechbaas fan De Haule, hat by ferskate minsken besocht 500 euro te lienen. Dat skriuwt krante De Nieuwe Ooststellingwerver.

De 36-jierrige ynwenner fan Haulerwyk hie dat jild nedich om útsteande boetes ôf te beteljen. Krekt dat jildbedrach waard fermist nei de moard op Fokko Werkman. De man is in bekende fan de plysje. Hy hat koartlyn 113 dagen elektroanysk húsarrest hân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)