Omrop set koart pleit troch

© Omrop Fryslân
Omrop Fryslân set it koart pleit tsjin it ministearje fan ekonomyske saken oer de minne ûntfangst fan de radio troch. Ferline jier ferhuze de stjoerder fan Omrop Fryslân Radio fan Jirnsum nei Smilde. Ek de frekwinsje feroare fan 88.6 nei 92.2. Nei de feroarings is de ûntfangst in stik minder wurden.
Earder bepaalde de rjochter dat beide partijen der yn oerlis útkomme moasten. Dat is net slagge. Yn it koart pleit easket de omrop 'Jirnsum' werom.