MCL moat flink besunigje

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL-Súd yn Ljouwert moat takom jier sa'n 3 miljoen euro besunigje. Dy besunigings sille úteinlik wer liede ta oprinnende wachtlisten en mindere soarch foar de pasjinten. Dat ferwachtet direkteur Wander Blaauw fan it sikehûs.
It bedrach dat besunige wurde moat, kin noch sa'n 5 euroton tafalle as de sikehûs-CAO it Neijiersakkoart folget en meiwurkers der de kommende twa jier gjin salaris bykrije.