Man ferwûne troch stekpartij

© Omrop Fryslân
In 23-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak is tiisdeitejûn slachtoffer wurden fan in stekpartij. Hy waard yn it asylsikerssintrum fan Appelskea stutsen yn bûk en bil. Hy wie op besite yn it azc.
De man is nei it sikehûs brocht. Dêr die bliken dat syn tastân slim is. De plysje hat mei in hûn de omjouwing ôfsocht, mar ûntduts inkeld dat de dieder troch in stek it azc ferlitten hie. De saak wurdt fierder ûndersocht.