Fersmoarge grûn Aldlân oprêde

22 okt 2003 - 00:00

Ljouwert lûkt 575.000 euro út om de grûnfersmoarging yn de wyk Aldlân East op te lossen. Dat hat it kolleezje tiisdei besletten. De bewenners meie gjin neidielige effekten ûnderfine fan de grûnfersmoarging.

Op goed twa meter djipte is in sterk fersmoarge sliblaach. Der is gjin risiko foar de sûnens. Foar grave yn de tún moat tastimming frege wurde. De bewenners fan de wyk wurde woansdei ynformearre troch de gemeente Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)