Fertochte moard Haule oanhâlden

22 okt 2003 - 00:00

De plysje hat woansdei in man oanhâlden dy't derfan fertocht wurdt de kafeebaas fan Haule om it libben brocht te hawwen. De fertochte is in man fan 36 jier út Haulerwyk.

De kroechbaas waard 12 oktober dea fûn yn syn kafee. Op trije plakken yn Haulerwyk binne woansdei hússikings dien. De tips dy't nei it programma Plysjepost fan Omrop Fryslân mei omtinken foar de saak binnenkamen, wurde noch neilutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)