Mear earmslach foar Cambuur

22 okt 2003 - 00:00

Cambuur draait finansjeel wer better. De ynkomsten lizze boppe de begrutting. Nei trije jier fan besunigjen kin wer ynvestearre wurde. Foar takom seizoen kinne bettere spilers kocht wurde.

De Ljouwerter fuotbalklub wol yn de top fan de earste divyzje komme en meidwaan om de promoasjeplakken. Cambuur wol ek it stadion opknappe en de foarm fan de organisaasje oanpasse. Troch mear earmslach kinne de spilers fan it winter nei Gran Canaria op treningskamp.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)