Frânske jagers op besite

21 okt 2003 - 00:00

Frânse jagers wurde takom jier noege nei Fryslân. Se kinne hjir it aaisykjen en de neisoarch besjen. Yn Frankryk wurde alle jieren 450.000 ljippen en 135.000 oare greidfûgels ôfsketten. Der sitte ek in soad jonge fûgels by dy't hjir troch goede neisoarch rêden wurde.

It Bûn foar Fryske Fûgelwachten hopet dat de Frânsen troch har besite ôfsjogge fan de jacht op greidfûgels. It bûn wol ek in ferbod fan jacht op greidfûgels yn de Europeeske Uny.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)