NNBT ferline jier al hast fallyt

© Omrop Fryslân
It NNBT siet ferline jier al ticht by in fallissemint. Dat docht bliken nei't âld-foarsitter Van Heukelum fan it NNBT tiisdei heard is. In kommisje docht ûndersyk nei it buro foar toerisme.
Neffens Van Heukelum wie al bekend dat it buro yn min waar siet doe't in liening fan oardel miljoen euro takend waard. It bestjoer hat doe neat mei dy ynformaasje dien. Ald-direkteur Bunicich woe net foar de ûndersykskommisje ferskine.