Nominaasje foar RTN

© Omrop Fryslân
De lokale omrop fan Nijefurd, RTN, is nominearre foar in RTV Award Presintaasje Radio. Dat binne lanlike prizen foar programma's fan de publike lokale omroppen.
De RTN is nominearre foar Pompeblêden, in Frysktalich muzykprogram op de radio mei lokale en regionale artysten. Romke Kroondyk presintearret it. De RTN hat yn 1999 al in RTV Award wûn. Dat wie foar in televyzjeprogram. De prizen wurde ein novimber yn Hilversum útrikt.