Soad minsken slute hypoteek oer

© Omrop Fryslân
Hieltyd mear húseigners slute in nije liening ôf om te profitearjen fan 'e lege hypoteekrinte. De boete, dy't se hjirby faak betelje moatte, nimme se op de keap ta. Lanlik wie it tal oerslutings yn it tredde fearnsjier 6 % heger as yn it twadde. Ek yn Fryslân is de animo grut. Yn augustus lei it tal oerslutingen 56 % heger as yn 2002.
Neffens de Rabobank is it oersluten net altyd foardelich, je moatte je dêrom goed foarljochtsje litte.