Sybesma nei Skiermûntseach

20 okt 2003 - 00:00

Haye Sybesma (65), âld-boargemaster fan Dongeradiel, wurdt tydlik earste boarger fan Skiermûntseach. De boargemasterspost fan Skier is mei yngong fan 1 novimber frij.

Sybesma sil waarnimme oant der in definitive kandidaat is. Dat kin wol in heal jier duorje. Kommissaris Nijpels hat yn oerlis mei de gemeente besletten salang in bestjoerder mei ûnderfining te ynstallearjen. Sybesma wie ek boargemaster yn Kampen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)