Symboalyske boete âldjiersploech

© Omrop Fryslân
De leden fan âldjiersploech Vesuvius út Elsloo ha in foarwaardlike jildboete krigen. De straf wie foar it 'stellen' fan it byld fan Michels. Dat barde twa jier lyn mei âld en nij, as stunt.
It fuotbalbûn en it iepenbier ministearje koene de stunt net wurdearje en makken der in rjochtsaak fan. De rjochter hie begryp foar de ludike aksje. Hy kaam ta in boete fan 311 euro en 12 sinten, in ferwizing nei de datum fan 31 desimber.