Fjouwer Friezen kampioen

© Omrop Fryslân
By de solistekampioenskippen yn Zwolle binne fjouwer Friezen kampioen wurden. Gerben Rouwerhorst (32) fan Menaam wie yn de earste divyzje kampioen op de eufonium.
Yn de fjirde divyzje wie Froucke Bloem (18) fan Burgum de bêste op de althoarn. Aafke Joanne Bosma (12) fan Koartehimmen wie de bêste yn de tredde divyzje op fluit en Saleem Khan (14) fan Aldegea (Sm.) wie de bêste op trompet yn de twadde divyzje.