Postma krijt brijleppel

20 okt 2003 - 00:00

Skipper Benny Postma hat sneon de brijleppel wûn mei de Fiskerijdagen fan Warkum. De brijleppel is de priis foar de fisker dy't op tradisjonele wize it measte en de bêste fisk oanfiert.

Der diene 24 skippen oan de Fiskerijdagen mei. Ek krige Wiebren Siemonsma in priis foar it fangen fan de grutste fisk. Hy fong in snoekbears fan fyftjin pûn.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)