Ljouwerter oanhâlden foar speed

19 okt 2003 - 00:00

De plysje fan Grins hat sneontenacht in 23-jierrige Ljouwerter oanhâlden fanwege it brûken fan harddrugs. Yn in hoarekasaak oan de Vismarkt yn Grins seach in portier dat de man drugs brûkte. Doe't de portier de man oansprekke woe, smiet hy de drugs gau fuort.

De man waard meinommen nei it plysjeburo. Dêr joech de man ta dat er speed by him hie.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)