De Jouwer ferliest fan Achilles

© Omrop Fryslân
SC De Jouwer ferlear snein thús mei 2-3 fan Achilles 1894 út Assen. Nei de 0-1 kamen de Jousters op gelikense hichte fia in trije traap fan Arnold Haanstra. Koart nei it skoft waard it 1-2. Klaas de Jong makke der fia in penalty 2-2 fan. Yn 'e slotfase gie it lykwols mis, want de Drinten skoarden 2-3.
Foar de Jousters wie it de fjirde ferliespartij achterinoar. Om net te degradearjen soene de Jousters ien op 'e trije wedstriden winne moatte.