125 oeren ûnder wetter fytse

19 okt 2003 - 00:00

Yn swimbad De Welle yn Drachten is sneon om trije oere de rekordpoging ûnderwetterfytsen ôfsletten troch it dûktiim fan Drachten. Freed al waard it âlde rekord fan 100 oeren ferbettere. It nije rekord fan it dûktiim stiet no op 125 oeren.

It rûntsjes fytsen op de boaiem fan it swimbad waard dien nei oanlieding fan it 25-jierrich bestean fan 'e dûkploech. It nije rekord smiet meiinoar 4.000 euro op foar Warchild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)